Yllegale útjeften WOII by Tresoar
Yllegale parse, útjeften yn de kolleksje fan Tresoar
Jo fine hjir in oersjoch fan de fersetskranten út de Twadde Wrâldkriich yn de kolleksje fan Tresoar. It grutste part dêrfan is ôfkomstich út it besit fan it Fersetsmuseum Fryslân.

Twa publikaasjes binne hielendal scand ('B.B.C. Niews' en 'de V 3'). Ek binne der ferwizingen nei de sintrale katalogus (OPC) opnommen en ferwizingen nei oare sites mei yllegale kranten.

Lydia Winkel hat in standertwurk skreaun oer de ûndergrûnse parse; alhiel wersjoene printinge út 1989, sjoch OPC.